YN IT HEECHST FAN ’E SIMMER

YN IT HEECHST FAN ’E SIMMER

 
Yn it heechst fan ’e simmer – o gouden tiid! –
As de leafde oer ’e fjilden giet,
En de iepen siele it heechste drinkt
Fan wille dy’t minske wit!
 
De dagen ferglide, in pearelstring
Fan blanke wûnders reaun,
Mei djip yn ’t suver hert de dream
Fan fierste tiden bleaun!
 
O de jonge moarntiid is leaflik en tear
En koel riist it blanke ljocht,
Mar as de dei yn syn tinte keart,
De jûn hat de langstme brocht.
 
O jong âld hert, in rokeweach
Komt op en nimt dy mei;
En eindeleas dy simmertiid!
Wêr of dat bedarje mei?

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *