YN IT DOARPKE

It wie foar ’t earst, dat ik as frjemde
Yn ’t doarpke kaam op d’ âlde grûn;
En wer gûn ik deselde paden,
De leanen lâns, de finnen rûn.

In koarte skoft soe ik er wêze:
Dat joech oan ’t gea in wûnd’re glâns;
De wyn is bol, hoe blinkt de sinne!
Hoe fleurich giet hy ’t loftrom lâns!

O, fan ’e dyk it fiere loaitsen
De bou en griene greiden oer,
De pleatsen yn har tichte hôven
De doarpen om har trouwe toer!

Hoe rûst it reid! De plumen weage,
De wylde balsem rûkt sa swiet:
En yn my reauntsje sêfte wizen,
Fan ’t stille lok it âlde liet.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *