YN FEBREWARIS

YN FEBREWARIS

 
Wat makket my it hert sa licht en jong?
Is ’t fan omheech de kleare sinneskyn,
Of is ’t, dy’t rûzich om my hinne waait,
Yn ’t iere jier, de bolle wyn?
 
De mosken tsjott’rje fleurich yn ’e haach,
En wippe fluch fan takk’ op takje oer;
De jonge fammen dûnsje oer ’e wei
Oft jinsen har it Lok temjitte foer.
 
Bin ik mysels, it moed sa rom en frij?
Sa licht fan hert, as ’t feintsje doe,
Dat jamk by ’t neigean fan syn steat
Neat wat him drukte fine koe?
 
Fan alle ljochte dagen komt dit ljocht
En alle lije loften rinne op nij,
En wer komt alle rook en alle sang,
It lok, dat wie, giet nimmer net foarby.
 
Hoe sleau is ’t sûnder moed jin del te jaan!
’t Lok komt fansels; sjoch al it folk no gean,
Hja binne lokkich, ek al witt’ hja ’t net,
En fiel’ de geunsten, dy’t hja net ferstean.
 
Ut d’ ierde opbloeid troch de krêft fan ’t ljocht,
Is minske wol fan ierde en ljocht it bern.
In dei as hjoed bringt neier him oan honk
En lit in glim fan d’ earste leafde sjen!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *