YN ’E WERKMANSTRAAT

YN ’E WERKMANSTRAAT

 
De Werkmanstraat leit yn ’e sneinske rêst,
De huzen kreas, blier yn ’e simmerdei.
In man sit stil foar ’t finster; sjocht ris út,
En mimert fuort, en tinkt syn libben nei.
 
Wer sjocht hy jinsen ’t âlde skuorke stean,
In himpen spultsje, ned’rich oan dyksfoet;
In stâl of fiif. In lyts en swier bestean;
O heite warber wrotten, memme noed!
 
Mar dochs hoe rom en frij. It bûthús út.
By dyk op en do sjochst de grutte wrâld.
Lofts leit dêr iepen heel it Fryske lân
En rjochts hat wiid oer d’ ierd’ de see bewâld.
 
De dyk, de see! O moarns de earste gong
Wie ’t klinkertpaadsje op! En jimmer nij
Wie dan de see, en oars syn weach, syn lûd,
De skippen en de fûgels, wyn en tij!
 
     – De weagen rinne, heech de wylde kop,
As yn in kriich mei foarsje nei it strân;
De skipper, hastich, siket feilich thús,
De fûgels fleane yn stoarmeflecht oer ’t lân.
 
Mar ek hoe spegelblank op stille jûn!
Yn ’t westen glimt rea-ljocht noch nei;
In swiet gereaunt komt fan ’e fiere waard,
En wêr komt, seiste, ’t sêfte wyntsje wei?
 
En letter, doe’t syn folk it lân yn teach
Hoe bleau him jimmer by it âlde stee.
Hoe lyts en nearzich wie dat greidboersfolk,
In frijer slach waachst op by dyk en see!
 
*
 
Mar by de hurd wie ’t net te rom; in flinke tsjirl
Koe by in oar; as dy syn lok net fûn!
Noch heucht him d’ earste gong; ’t mûskopjen by de doar:
‘In kreaze fint, ’k woe dat jimm’ heit dy wûn!’
 
In boerefeint moat bodzje nacht en dei!
Yn ’t neare bûthús heel de winter oer,
By hjerstmisrein trochwiet yn ’t weake lân,
In slaaf, dy’t him ferkoft foar jild en foer.
 
 
En dochs! – Is ’t wille net, as, sterk, de jonge lea
Har bûge en rekke en licht falt dy watst’ dochst?
As simmers heech dyn kante weiden stean,
En ast’ oan ’e ikkersein dyn gledde fuorge sjochst?
 
Of ast de stille jûns mei ’t lêste foer
Nei hûs ta rydst; – de jonge leit er op –
It rydt sa noflik; fleurich sjongt in faam
Op ’t bjinhout: do tinkst oan dyn pop.
 
De fammen! En in rige komt er op:
Dy wie ’t ien sneintejûn en dy ien merkedei;
Mar dy in stille noft de dagen lâns,
Want rûnom naamst dat minlik antlit mei.
 
Mar wêrom moast op ’t ein dyn siele en sin
Yn wylde jacht ferbeane wegen gean?
Wiesto – fan ’t skaai dat wyn en weagen ken –
Net mânsk de tocht fan ’t leffe bloed te stean?
 
’t Mei wêze sa’t it wol. Hy teach dêr wei
En nei de stêd. Dêr hie er op ’t fabryk
Syn wurk en ridlik lean. Hy fûn it wiif
En yn ’e Werkmanstraat wie no har ryk.
 
*
 
Wat stiet dy aukjeba foar ’t finster moai!
In tsjeppe went! De stêd is net sa min;
En sneins dan is it bêst. Dan is ’t de tiid
Dat men fan froeger dagen dreame kin.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *