YN ’E UNGETIID

No seach ’k fan ’e middei oan ’e kant fan it paad
Dochs weven en triljen de raaien,
En fan ’t miedlân kaam as pypkeniel
De rook fan it hea oanwaaien.

Myn freonen, dat is de simmer wol,
En ’k moat oan Fryslân tinke!
Fan ’t fûlste libben is it de tiid
En âlde bylden winke.

No is er yn ’t Fryske lân gjin rêst;
De mieren lûke oan ’e seine,
Oan ’e wudze skreppe de swilers sa:
Yn ’e ûngetiid moat it eine.

De skuorredoarren litt’ amper troch
De hege, kante weiden,
En de grutte gollen rize sa
Fan ’e kost’le frucht fan ’e greiden.

Yn it hôf allinne is it stil
En swiet wol it dêr rêste;
Dêr jout him no de dichter del
En hat fan ’e simmer it bêste.

De flearebeammen blomkje sa swiid
Troch de hearook rûkt it hinne;
Yn ’e blommetún pronkje de leeljes sa
En de roazen sille begjinne.

‘Och, nim him syn loaiens net al te kwea,
Hy sil it wol letter belije!
As er syn dreamen yn fersen stâlt
En dy kinne de fal net krije.

En tink er, myn bodders, tink er om,
Hy is fan jimm’ eigen sibben,
En wat by syn dreamen hy foar him sjocht,
Dat is wat jimme belibben!’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *