YN ’E SIMMER FAN 1911

De loft is klear en gouden ’t sinneljocht;
De stedsjer ropt fan ’t moaie waar, in pree!
Hoe noflik is no ’t koele skaad yn ’t bosk,
Hoe moai it strân, blank oan ’e wide see.

Hoe glânzet blier it romme wetterflak,
Hoe pronket rynsk it wâld yn simmertoai!
O, lokkich, dy’t no mei in rêstich hert
Syn wille nimme kin fan ’t kostlik moai!

Mar wy, yn mienskip opbrocht mei natoer,
Te mids fan minsken, dy’t har strange lear
Belije moasten yn ’t faak hurd bestean,
Haww’ ’t eangjen leard foar eltse foarholl’tear.

As hja mei droechte slacht ús leave lân,
Fertoarret alles; ’t greidelân wurdt dea;
Foar ’t fee gjin iten en foar minsk en dier
Gjin wetter; as ferkomd it earme gea.

Hoe soene wy, ferknotte oan dy grûn,
No romje yn sinneskyn en kleare loft?
Wy hearre it roppen fan it long’rjend fee
En ’t keale lân benimt de simmernoft.

It minskbestean: in wraks’ljen tsjin natoer,
It ûnk te kearen en te winnen ’t swiet. –
Mar dochs: hja nimt de wyk, en grûn en loft
Wurd’ minske tsjinstber, ienkear hear fan d’ ierd’!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *