YN ’E NEISIMMER

YN ’E NEISIMMER

 
Ik haw net oars as ’t ljocht
Dat op ’e roazen falt,
De soele wyn fan ’t lette tij,
En út ’e greide fier gebalt.
 
Ik haw net oars as effen mar,
In blide glim, in skyn;
En driuwend oer it stille paad
In rook fan lang ferlyn.
 
Is dit it lok? De siele wint
De lang ferseine rêst;
En fan omhegen saait it del
Wat twang en noed belêst.
 
Noch lûkt de ljochte wei,
It fjild, in koarte stûn’;
De dei beklinkt; hast falt
De grize jûn.
 
En effen giet in bern
It âlde, froede paad;
Alle frjemde sjammen
No fier ferspraat.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *