YN ’E FOARSIMMER

De âlde pleats leit sa stil yn it lân
Yn it donk’re grien fan ’e finne.
Jout sêft him del yn it skiere waar,
En de rein dy falt er mar hinne.

Allinne yn it mulhús sit de frou,
Troch de beammen heal yn it tsjuster,
Sjocht from nei it simmerreinen út,
En rekket de tiid hast bjuster.

Yn it bûthús op boartersstâl de bern
Fermeitsje mei diggels har sedich,
En lústerje nei it beammegeraas
En binne sa froed en sa fredich.

Yn it hôf de âlde parrebeam
Lit falle syn lêste blomme,
Dy siden pronk is dêrmei wei,
No sille de fruchten komme.

It spul rêst fan maitiidsdrokte him út
By it sêfte foarsimmerreinen;
Mar strak – de mieden lizze sa skoan –
Dan kreakje op it hiem wer de weinen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *