XXXII Pappegaaiepark

XXXII Pappegaaiepark
 
Under turkse linen, dy’t bloeie, oan gersparksrânen
Yn standers, dy’t sêft fan har heimwee te swingen begjinne,
Hâlde de ara’s ta en hawwe weet fan har lânen,
Dy’t, ek bûten har om, net feroarje kinne.
 
Frjemd yn it drokke grien as in parade
Dogge hja fernaam en fiele harsels te koart dien,
En mei de kostbere snavels fan jaspis en jade
Tekôgje hja eat, ferslingerje it, fine it lardich.
 
Under beplúzje de doffe dowen wat hja fergrieme
Wylst boppe by de itensbak, wêr’t hja út klieme,
De fûgels, húnjende, steane te bûgen.
 
Mar dan touterje hja wer, eagje en slûgje op har wige,
Boartsje mei donkere tongen, dy’t jerne lige,
Ofwêzich oan fuotkeatringen. Wachtsje op tsjûgen.
 
 
     XXXIII In sybille
 
Ienkear, eartiids, neamde men har âld.
Mar hja bleau en kaam deselde strjitte
Daagliks del. En doe feroar’ de mjitte
En men telde har, lyk as in wâld,
 
Mei ieuwen. Hja lykwols naam stân,
Eltse jûn op ien stee fan de route,
Swart en tsjuster as in âld redûte,
Heech en hol en útkoald fan in brân;
 
Troch de wurden, sa’t dy bûten wacht
Tsjin har wille yn har oarsprong namen,
Mei in skreauwen jimmeroan omkringe;
Wylst dy’t wer ophûsyn kamen
Donker ûnder foarhaadswingen
Sieten, furdich foar de nacht.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *