XXXI De panter

XXXI De panter
 
Syn loaits is fan ’t foarbygean fan de stêven
Sa ôfmêd wurden dat er neat mear hâldt,
Him is it oft der tûzen stêven wienen
En efter tûzen stêven net in wrâld.
 
De smedige gong fan fearjend sterke trêden,
Dy’t yn de allerlytste rûnte giet,
Is as in dûns fan krêft om ’t midden hinne
Wêryn, ferdodde, in grutte wille stiet.
 
Mar mannich kear ’t foarhing fan de pupillen
Skoot sûnder lûd omheech. – In byld komt tein,
Giet troch de strakke stillens fan de leden,
En yn it hert komt ta syn ein.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *