WINTERMOARN

WINTERMOARN

 
Us finsters op ’t easten binn’ roazeread,
Troch iisblommen skynt er de sinne:
‘Hoera, no der út en nei ’t iis,
No moat it wol hâlde kinne!’
 
It skerpe wyntsje strykt fûl oer ’e snie,
Hoe hurd is de ierde beferzen!
Hoe klear en trochskinend it iis yn ’e grêft,
Troch ’t swart blinke flachguod en gerzen.
 
De loft is klear en de sinne riist,
Blank lizze de fiere lânen.
     – O sjoch yn it easten dy poarperen pronk,
In ljochtskyn fan himmelske strânen!
 
En wrâld is boi in gouden seal
Yn ’e priel fan ’e jonge dage;
De swarte flier is hurd en glêd,
Wat ea jong hert sa hage?
 
O it iis, it iis yn syn hearlikheid!
Fan fierens sjoch ik it blinken;
Kom mei; de seal is grut en rom,
Lit ús noch ris dy wille drinke!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *