WINTERMIDDEIDREAM

Ik tink oan dy, myn Fryslân leaf,
’k Sjoch wyt fan snie dyn flakke greiden,
Dyn moaie wetters glêd bebaand,
As blinkend lint troch brune reiden.

Dêr driuwt en dûnset mei lûde nocht
Dyn libben, myn Fryslân, hinne:
Jong bloed, eastewyn, moai sterk iis
En fier yn it suden de sinne!

As eilânen yn ’e wite see
Lizze dyn pleatsen oer ’t fjild te rêsten;
Swiet slomje dêr ûnder it reade dak
De kij yn har waarme nêsten.

Sa’n pleats yn wintermiddeisliep
Sjoch ik lizzen yn ’t lân allinne;
Nêst it hûs it âlderwetske hôf,
In brede grêft dêr om hinne.

In famke is dêr op it iis te wurk:
Mei in stuoltsje leart hja it riden,
Earst docht hja flink in skektwa foarút,
En set har dan wer nei gliden.

Har lytse noaske wurdt sa read
En kâld wurde har de hannen;
Hja glydt ek wat by de redens del,
Hast al te slop binn’ de bannen.

O myn famke, jong Fryslân, myn bern,
Do skrepster mei dyn read noaske,
Hâld oan mar, do fljochtste elts gau foarby,
Dat duorret noch mar in lyts poaske!

Dat sizze dy, myn famke, foar wier
Dyn mem en ik, dy’t it sjogge:
Dyn mem ta de keamersfinsters út
En ik sa as dichters dat dogge.

Sa haw ik om fierens, o Fryslân leaf,
Myn dreamen om my te treasten:
De loft is ek sa moai en klear
En de wyn waait út it easten.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *