WINTERJUN

WINTERJUN

 
Tsjin ’e ljochte himmel de iken stean,
In wylde, tsjustere kloft;
De takken wringe har trochinoar
Teropje de blanke loft.
 
As frjemde begearten, wêr ’t klaad ôf foel,
No neaken wine hja rûn,
En krinkelje har ta in spoekewâld,
Wêr ’t ierdske yn fergûn.
 
De stompen ferbliede; út ’e iepen wûn’
It donk’re focht dript del. –
O winterjûne smertlik feest,
Hoe grypst ús sterk en fel!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *