WIDER UTSJOCH

WIDER UTSJOCH

 
Mar is ’t it libben net dat lang ferteach,
Dat út it ferline wer foarby my dreau?
En is ’t net wat ferstoar, dat yn ’e sang
Ut skimewrâld ta ierdske wêzen kleau?
 
En as ik ierde sjong en ’t hege ljocht,
En blide lânen yn ’e gouden dei.
Ferriisde oan blanke kym gjin oare wrâld,
En wie ’t de himmel net, dy’t iepen lei?
 
En as ik eigen lok en lytse libben sis
     – In skruten feint en sûnder namme en rop –
O harkje net wa ’t inge hiem beneart
En geane licht har dreamepaden op?
 
Sa is dan wol fan ierde en himmellân,
Fan ’t stoarne en fan libben ’t selde liet;
It sjongt my sels en wa’t er nêst my is,
En, mocht it wêze, ’t folts dat my bestiet.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *