WEROMKOMMEN

Oersettingen fan Sineeske fersen

WEROMKOMMEN
 
Nei tweintich jier woe ik myn stêd wer sjen,
Dy’t lei stillibjend oan ’e hoarizon.
Mar oan ’e strjitwei, fjouwer myl foar de poarte,
Stie noch dy herberch fan de Giele Reager,
Wêr ’k earen kaam mei freonen út ’e stêd.
Dêr spile ien loom, op ’n fluit, as heal yn ’e sliep.
Ik hearde wer it âlde leaflingsliet
Fan prommeblêden fallend yn ’e fiver.
 
’t Wie maaie wer, stil lei de stêd oan ’t wetter,
Ik hoegde er no net mear nei ta te gean;
’t Is maaie, ik kom der just fandinne;
O prommeblêden fallend yn ’e fiver,
Neat kin fergean, sa min as jimme koart en riss’ljend libben.
 
Myn eigen, lang en fol fan swier fertriet –
Sa like it, mar it wie myn eigen net;
Ik haw hjir altiid mimerjend stien,
Yn droefnis oer wat de oare troffen hat,
Tewyl ik lústere nei ’t ûnwize liet
Fan prommeblêden… fallend… yn ’e fiver.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *