WER KOMT HJA WEI?

WER KOMT HJA WEI?

 
Wêr komt hja wei yn ’e maaietiid?
It reinen makke de tún sa bliid;
Noch hingje der wolkens leech en stil,
Mar de sinnen binne rom en til.
 
En âlde bylden komme mei
En rize omheech yn ’e ljochte dei;
It wramen en it leed ferstoar
Foar iere tiden’ sêfte gloar.
 
Wy tsjantelje wer de lânen út,
De loft is fol fan jong gelút;
Op ’t hege brichje kliuwe wy
En alles is sa grut en nij …
 
Wêr komt hja wei yn ’e wintertiid?
It ripich lân leit rom en wiid.
It rûkt sa froastich oer it fjild
Hoe wurdt ús ’t moed omhegens tild!
 
Op ’e slotgrêft docht it folts syn bêst;
It âlde hûs leit yn ’e rêst;
Oer ’t muorke lizz’ de tunen bleat
Ferware en rûch yn âlde steat.
 
De jonker sjocht it djoeien oan
     – Fan fierren, as ik dizz’ bliere moarn –
Wy hawwe oan ’t riden ús wille sa,
En bliid en droef komt op ús ta…

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *