WER GIET JINS DICHTSJEN OER?

WER GIET JINS DICHTSJEN OER?

 
‘Haww’ jo fan God wol dichte en fan leafde wol?
Dat is wat djipst beweecht! Fan heitelân?
En fan natoer – wat evenrediger – ?
Sa hawwe hja fan âlds de skiften hân.’
 
Ik song fan God it earste bernedicht,
It wie Syn byld, dat ik yn ’e wolkens seach.
Mar mei it namme ha? It is ferlyn;
No stean ’k as heiden slein oan tsjerkeweach.
 
Song ik fan leafde? Gjin jongminne liet.
Fan heitelân? ’t Ald hert dat ’k Fryslân neam?
En fan natoer? Net as in idel byld;
Sa as hja droech, de ljocht en libbensstream.
 
Mar alles is yn alles; siele hat
Syn libbensreis en swetten binn’ net oer.
Sa mei it wêze dat in selde liet
Sjongt God en leafde, heitelân, natoer.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *