WAT IK WOE

WAT IK WOE

Ik woe wol, dat it foarjier wie,
It lân fol pinksterblommen stie,
En dat no mei de bûterblommen
De koekútsblom al wie op ’t kommen;
Dat oan de held’re blauwe himmel
De waarme foarjierssinne stie,
En yn natoer no brocht it libben,
Wêr’t alles deadsk en treurich wie.
 
Ik woe wol, dat heech yn de loft
It ljurkje song fan wille en noft,
Dat oer it lân de lepen fleagen,
No tichteby, dan fier út ’e eagen;
Dat oan ’e wei en yn ’e hôven,
De hag’doarn bloeide, leaflik swiet,
Wylst fleurich yn ’e griene takken
De fûgels songen ’t brulloftsliet.
 
Ik woe wol, dat it foarjier wie,
It lân fol pinksterblommen stie,
Wylst oer ’e bou yn d’ âlde finne
Striek sêft it sudewyntsje hinne.
Dan soe ik mei de fûgels sjonge
In fleurich, sinnich maitiidsliet,
En yn it lân de blommen ploaitsje,
Sa as ik die yn bernetiid.
Memini

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *