UZES

UZES
 
Is net uzes it ljocht, dat heech oan ’e himmel
Oer de bloeiende ierde stiet,
Uzes de wyn, de albeweger,
Dy’t oer seeën en lannen giet?
Uzes de fûgels, blide boarters,
Yn har flecht en sang in freugd’,
Uzes de blommen, teare tsjinners,
Skiente dy’t it al ferheug’t?
 
Binne net uzes d’ eleminten:
Ierde, wetter, loft en fjoer
Stoffe foar it grutte boartsjen
Oan it hert fan de natoer?
Machtich kliuwe alle krêften,
Al de ieuwen boartsje mei:
Wat yn ’t fier ferline wraamde,
Libbet wer yn jonge dei.
 
Uzes binne siel en sinnen
Ta in heger wêzen groeid;
Us it redelik besinnen,
Wêrút it kleare witten bloeit;
Us de langstme; ús de leafde
Foar wat lyk en ûnlyk hâldt,
Jimmer wider rûnten winnend:
Sibben, heitelân en wrâld.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *