UT ‘STROFEN VAN ANDRIES DE HOGHE’

UT ‘STROFEN VAN ANDRIES DE HOGHE’

Hoe sil ik dy beneame neisto bist’ ;
Hoe ’t wûnder fan dit ljochttrochgluorre bûn
ferbyldzje yn trochsicht’ge klank fan taal
dy iepenbierje mei dyn ûnûtsprekberens
oan ’t hymjend lúst’rjen fan ’e bleke nacht,
oan ’t moarm’ljend freegjen fan ’e grutte see,
oan it blyn ûnleauwe fan dit earme folts…?
Ik sjoch gjin byld en gjin gelikenis…
De skiente fan dizz’ wrâld hie foar dyn komst
ik leave sa djip, dat op har antlit bleau
foar my net oer in swym fan heimlikens;
en mei de wyn, dy’t opstekt en ferwaait,
song ik fan eagenblik ta eagenblik
har neaken gloarjesteat: de leaflikens
fan ierde en see, fan sinne, moanne en stjerren
fersêfte dyn gemis ta skyn fan stil gelok,
sa as in mem fan in beminde soan
de tinende ûnrêst yn har earmen sust…
Der bliuwt gjin byld en gjin gelikenis…
En dochs ik wit dat earne yn it grêf
fan glânstrochdwaalde nacht fan ’e oanfang ôf
twa ienlikgrutte sinnen sûnder skaai –
hja lykje hjirwei sjoen ien ink’le stjer –
meinomd fan earst en nea fersteurd ferealjen,
om elkoars skiente hinne sweevjend krieme;
en neat fan al wat bûten har bestiet
hat aan fan sokken glânsferbline dei.
 
Oerset út it Hollânsk

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *