UT ‘HOLLANDSCHE KWATRIJNEN’

UT ‘HOLLANDSCHE KWATRIJNEN’ FAN P. C. BOUTENS

 
     XVIII
 
Ek hjir al haww’ J’ yn ’t stik ús foarbedreaun
Netbytekommen skien Jins wêzen skreaun –
Gjin blom, gjin minskehert, gjin beam yn winter
Is yn de macht fan myn begripen bleaun.
 
     LIII
 
Wat wie yn haat en deaslach, waar en wyn
By honger en toarst dyn skut en hill’geskyn,
Unnoazel hert, út leafdes hûs ferballe…?
Ik haw beminne mocht tsjin alles yn.
 
     LXI
 
Ut lytste boarn’ Jo suver te besinnen
Yn ’t earm geduld fan jimmer nij begjinnen…!
Wol is it libben koart en lang de keunst:
Wa mei in leafde oan ’e ein ta út-beminne?
 
     LXXI
 
Wy streevje hjir en ’t ein wurdt net belike,
Yn dizze kriich wer swinken is noch wiken,
Dy’t inkeld ôftwingt fan d’ ûneindichheid
Ien stap om tichter by Jo te beswiken.
 
     XCVII
 
Hoe woll’ Jo dat ’k my reedzje foar dy dei?
Dat ik wat klean my nim of lis dy wei?
Ik hie by Jo myn tahâld net as neaken.
Dy’t alles efterlit, bringt alles mei.
 
     XCIX
 
Myn each foarfielt it skearen fan de flym
Troch ’t lêste flues foar ’t rizen fan Jins kym.
Al lichter wurdt ’t geduld fan syn ferlangen:
Ien tear besinnen op syn stjerrensrym.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *