Ut: FRÜHE GEDICHTE

Ut: FRÜHE GEDICHTE

     VIII
 
Ik bin sa jong. Ik woe oan eltse klang
Dy’t ta my komt, my triljend biede,
En willich, nei wyns swiete drang,
As wat him wynt út tunetwang
Wol myn ferlangst syn ranken liede.
 
En sûnder eltse rêsting wol ik gean,
Sa lang as ’k fiel it boarst my foarser tinen,
Want it is tiid as rutersman te stean,
Om út ’e iere koelens fan dizz’ kust
De ljochte boppelânestreek te finen.
 
 
     IX
 
De earme wurden – troch’endei yn ’t lijen –
– De skeam’le lytse wurden leavj’ ik sa;
Ik skinzje har de kleur fan ljochte tijen,
En, blider linken, laitsje hja my ta.
 
Har wêzen, skruten yn har sels betwongen,
Fernijt him dúdlik, sa dat elts ’t ferstiet;
Hja binne nea noch yn ’e rige gongen,
En triljend komm’ hja op no yn myn liet.
 
 
X
 
No gean ik jimmer ’t selde paad:
It park lâns dêr’t de roazen hjoed
Har op in feest besinne;
Mar ’k fiel: noch lang, noch lang
Is it gjin rissing dy’t ik ûntfang;
En sûnder tank of klang
Moat ik foarby har rinne.
 
Ik bin mar fan ’e stoet ’t begjin
Dy’t de jeften net golden;
Oant hja komme dy’t silliger binn’ –
Ljochte stille gestalten –
Dan sill’ de roazen op wineswing
Al har reade fanen ûntfâldzje.
 
 
     XI
 
Dat binn’ de tunen, dy’t foar my steane,
As yn ’e perken de skierens wint,
En oer it skil yn ’e dimjende leane,
Fan ’e linen sille, in swijen rint.
 
Op ’e fiver, wei út glânzjende ringen
Sylt in swan dan fan board nei board.
En hy sil yn strieljend swingen
As earste moanne’ myldens bringe
Oan jinse net mear dúdlik oard’.
 
 
     XII
 
Yn ’t flakke lân wie der in wachtsjen
Oft wol de gast noch komme mei;
Noch ienkear docht de tún syn frage,
Dan stjert syn laitsjen stadich wei.
 
En yn de liddige kontreien
Ferskralet mei de jûn de loan’;
De apels eangje yn ’e tûken,
En eltse wynstjit docht har oan.
 
 
     XIII
 
Dêr is it, wêr it lêste hutsje stiet,
En nije huzen, dy’t op ’e inge legers
Har boarsten wringe út de bange stegers
En witte wolle wêr’t it fjild begjint.
 
Dêr bliuwt it foarjier jimmer bleek en sleau,
De simmer tsjirmet efter dizze skalen,
De kersebeam, de bern woll’ er net hale;
En hjerst allinne hat der eat, dat bleau
 
Fierôf en dat fermoedsoent; mannich kear
Syn jûnen binn’ yn sêfte kleuren fongen:
Wat skiep yn wazen, en de skepersjonge
Dy’t linet tsjin de lêste lampepeal.
 
 
     XIV
 
Wy wolle, wurdt it wer in moannenacht,
De treur’gens ta de grutte stêd ferjitte
En hinnegean en de holle rêste litte
Tsjin ’e spilen, steande om it park te wacht.
 
Wa ken it no, dy’t it by deitiid seach:
Mei ljochte simmerklean, mei bernedjoeien, –
Wa ken it sa: allinne yn syn bloeien,
De fivers iepen, dêr’t gjin sliep oer teach.
 
De foarmen, dy’t er stom yn ’t donker stean,
Lykje sunich no oerein te rizen
En stiennener en stiller binn’ de wite
Bylden oan de yngong fan de lean’.
 
De wegen lizze as úttize stringen
Nêstinoar, rêstich, mei ien doel.
De moanne is nei de mieden ûnderweis;
De blommen litte rook yn triennen minge.
Oer de fonteinen, dy’t har rêst tebringe,
Stiet fan de boartlikens it print noch koel
Yn nachtelike loft.
 
 
     XV
 
Dat is de stûn’ om my sels te finen.
Donker wâlet de miede op ’e winen,
Bjirkestammen jouw’ ljochte skinen,
Dan ferfalle oan ’e jûn.
 
’k Fiel my waachsen yn syn swiigjen,
Woe wol brekke yn blossomtwigen,
Om mei alles my yn te riigjen
Yn de ienige harmonij.
 
 
     XVI
 
Faak fiel ik yn ’t eange groujen
Hoe djip ik yn ’t libben bin.
De wurden: mar ’t earste skoujen,
Dêr efter yn ’t fiere blaujen
Fan bergen skimert har sin.
 
Ik wit fan gjin ien de marken,
Mar ’k lústerje yn syn lân,
Hear yn de dellen de harken
En it baaien der barken
En de stilte oan it strân.
 
 
     XVII
 
En sa is it earste fan ús swiigjen:
Wy woll’ yn winetsjinst ús riigje,
En triljend wurde wy ta twigen
En, yn ’e maaie op, harkje sa.
Oer de lânen ride skadeweinen,
Wy lústerje, – der rûst in reinen,
No sil it waachse oan alle einen,
Tine nei syn genede ta.
 
 
XVIII
 
Is er ien dy’t my sizze kin
Hoe fier myn libben wol weaget?
Of it ek net oer ’e fiver strykt
En yn ’e stoarmen reaget?
En of ik net sels noch dy bleke, feale
Foarjiershuv’rige bjirke bin?
 
 
     XIX
 
Wês net bang, binn’ de asters ek âld,
Struit ek de stoarm it toarjende wâld
Yn ’e lykmoedige poel, –
De skiente waachst út de stalletwang;
Waard ryp, en mei in wylde drang
Tebrekt hja it âlde hûs.
 
Hja komt út ’e beammen
Yn my en yn dy,
Net om oan ’e rêst har te jaan;
De simmer waard har te swiden tij,
Hja makket fan folle fruchten har frij,
En riist út dwelmjende dreamen
Earm yn ’t deiske dwaan.
 
 
     XX Famkesgestalten I
 
Rju boaten binn’ op de fearen,
Mei ien derfan komt hy;
Mar ik kin net patsje,
Sa tsjucht er wol foarby.
 
Bûten wie ’t maaie.
 
Op ús âlde kommoade
Barnden kersen twa.
Mem wie de Dea te reden;
Dêr briek har de stimme ôf.
 
En sa’t ik lyts yn ’e stilte stie,
Rikte ik net yn it frjemde lân,
Dat mem har wûn nei bang bestân;
Kaam net fierder as bedsrân’,
Fûn allinne har bleke hân,
Wêrfan my seine kaam.
 
Mar heit, fan sinnen siik,
My omheech nei memme mûle triek,
Dy’t my de seine naam.
 
 
     XXI Famkesgestalten II
 
Ik wie in bern en dreamde mar
En moast noch maitiid ha;
Dêr kaam in man dy’t spylark droech,
En teach op uzes ta.
Doe sloech ik bang de eagen op:
‘O memme, lit my frij…’
En by de lute’ earste lûd
Eat dat tebriek yn my.
 
Ik wist al, ear’t syn sang begûn:
’t Giet op myn libben oan.
Sjong net, sjong net, do frjemde man:
’t Giet op myn libben oan.
 
Do sjongst myn lok en swierrichheid,
Myn liet en libbensrin;
En dan, do sjongst it foàr de dei,
Sa dat ik, hoe’t ik bloeie mei,
It nea mear libje kin.
 
Hy song. En dan ferklonk syn stap, –
Hy moast wer fierder tsjen.
En song myn leed, dat ik nea hie,
En song myn lok, dat noch net wie,
En naam my mei en naam my mei,
Oer alle wrâld ferlern.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *