Ut: DIE SONETTE AN ORPHEUS

Ut: DIE SONETTE AN ORPHEUS

     XXXIV
 
Werom kaam it foarjier. De ierde
Is as in bern dat gedichten kin;
Rju, o rju… Foar it lange swiere
Learen krijt hja no it gewin.
 
Strang wie de master. Wy mochten it wite
Wol lije fan ’e âldman syn burd.
No, hoe it griene en it blauwe hjitte,
Meie wy freegje: hja kin it wurd!
 
Ierde, dy’t frij hat, do lokkige, kriigje
No mei de bern. Wy wolle dy fange,
Froalike ierde. De bliidste is ’t, dy’t wint.
 
O, wat de master har learde te riigjen,
En wat der skreaun stiet yn woartels en lange
Beswierlike stammen: hja sjongt it, hja kin ’t!
 
 
     XXXV
 
Jimme inkelen, boartersmaten
Yn ’e tunen ferspraat oer ’e stêd:
Hoe’t w’ elkoar fûnen en neigeraden
Ta inoar kamen, as laam en blêd
 
Swijende praten. As w’ ús ferbliden,
Gjin ien sinen wie ’t. Fan wa’t it kaam?
En hoe gûn ’t mids minskene fliten te niete
En yn de jiergong’ lang gewraam.
 
Weinen rôlen foarby as in drôge;
Huzen stien’ sterk, mar koenen net strekke
Ta eigen. Wat wie werklik yn ’t al?
 
Neat. Allinne de ballen. Har hearlike bôgen.
Ek net de bern… Mar faken rekke,
O eat dat fergûn, ûnder de fallende bal.
 
 
     XXXVI
 
Dêr, hark, hearst al de earste klauwe
Oan ’t wurk; wer minskene arbeidslûd
Yn de ferhâlden stiltme fan rouwe
Iermaitiidsikker. De earste groed
 
Liket wat komme sil. Dat wat mannich kear
Dy al komd is, liket te kommen
Wer as it nije. Jimmer ’t begear,
Naamsto it nea. It hat dy nommen.
 
De blêden sels fan trochwintere iken
Lykje de jûns in takomstich brún.
De loften jouwe elkoar mannich teken.
 
Swart binn’ de strûken. Mar it bedonge
Leit as sêder swart oer ’e tún,
Ofrinnend is de oere ferjonge.
 
 
     XXXVII
 
Wêre, yn hokker sillich begettene tunen, oan hokke
Beammen, út hokfoar hoeden ûntblêde bloeisemtsjilken
Rypje de frjemdsoartige fruchten der treasting? Dizze
Kost’le, sa’ste ’r faaks ien yn de plattrape greide
 
Fan dyn earmoed fynste. Fan d’ iene ta d’ oare reize
Benijste dy oer de frucht syn gruttens,
Oer syn gevens, oer it sêfte omklaaisel,
En dat net de fûgel’ oerdwealskens him naam, en de oergeunst
     net
Fan de wjirm. Binn’ der dan beammen dêr’t ingels oer saaie,
En fan ferhoalen gernieren sa seldsum yn stadigens kweke,
Dat hja ús drage sûnder uzes te wêzen?
 
Hawwe wy nea net fermocht, wy skaden en skimen,
Troch ús ûntidich ripe en wer ferwylke wêzen
Fan evenredige simmer de lykmoedigens te steuren?

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *