Ut: DIE NEUEN GEDICHTE

Ut: DIE NEUEN GEDICHTE

     XXX De draaimole
 
Mei ’n dak en mei syn skaad in wile giet
De rige bûnte hynders yn it rûn,
Sa as hja binne, oerbleaun út it lân
Dat tiden drôget ear’t it ûndergiet.
Ferskate binne wol foar weinen spand
Mar allegearre haww’ hja moed yn ’t wezen;
In lilke reade liuw giet yn ’e rige
En no, en dan, in wite oaljefant.
 
Ja ek in hart is dêr as yn natoer,
Allinne draacht ’r in seal en dêrop hat
In lyts blau famke sit, yn gurle en snoer.
 
En op de liuw rydt yn it wyt in jonge
En hâldt him fêst mei lytse hjitte hân,
De liuw tewyls lit tosken sjen en tonge.
 
En no, en dan, in wite oaljefant.
 
En op de hynders komm’ foarby ús riden
Ek famkes, ljochte, dizze hynstesprongen
Hast al ûntwoechsen; by har ommegongen
Sjogge hja op, dizz’ kant út, earne hinne –
 
En no, en dan, in wite oaljefant.
 
En dat giet fuort, driuwt om oan ’e ein te kommen,
En giet syn ring en draait en hat gjin doel.
Wat reads, wat grien en griis foarby ús swongen,
In byldbegjin dat net te kennen foel.
En mannich kear in laitsjen nei ús side
In sill’ge laits, dy’t weismyt en ferblinet,
Ta ’t sinnennimmend blyn getsjoel.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *