Ut: DAS BUCH DER BILDER

Ut: DAS BUCH DER BILDER

     XXII Bernetiid
 
Dêr giet de skoalle’ lange eangstme en tiid
Mei wachtsjen fuort, mei inkel dompige dingen.
O ienlikheid, o droevich tiidtebringen…
En dan der út: de strjitten sparkje en klinge
En op de pleinen de fonteinen springe,
En yn ’e tunen wurdt de wrâld sa wiid.
En troch dat alles gean yn ’t lytse klaad,
Heel oars as d’ oaren gean en jimmer gyngen –
O wûnderlike tiid, o tiidtebringen,
O ienlikheid.
 
En yn dat alles fier foarút te skôgjen:
Manlju en froulju; manlju, manlju, froulju
En bern – hja binne oars en bûnt –
En dan in hûs en no en dan in hûn,
Benaudens lûdleas wiks’ljend mei betrouwen:
O treur’gens sûnder sin, o dream, o grouwen,
O djipte sûnder grûn.
 
En sa te boartsjen: bal en hoep en ringen
Yn in tún, dêr’t sêft it grien ferwaast,
En al wer by de grutten lâns te striken
Blyn en ferwyld’re yn de krijens haast,
Mar de jûns stil, mei lytse stive
Stappen nei hûs ta gean, de hân stiif fêst -:
O jimmer fierder ús ûntgeand begripen,
O eangstme, o lêst.
 
En oeren lang oan fivers kant te krûpen
Om it lytse skipke silen te sjen;
It te ferjitten as der oare sokke
En moaier seilen troch de rûnte tsjen,
Tinke te moatten oan it lytse bleke
Gesicht, dat sinkend út ’e fiver blonk,
O bernetiid, o bylden dy’t ûntglieden.
Wêr it honk? Wêr it honk?
 
 
     XXIII Ut in april
 
Wer de rook fan it wâld.
De sweevjende ljurken heve
Mei har de himmel omheech, dy’t op ús skouders syn wicht lei;
Wol seach men troch de takken de dei, sa’t er swicht lei, –
Mar nei de lange middei’ reinebanen
Komme de goudoerglânze
Nijere stûnen,
Wêrfoar flechtsjend, oan fiere huzefronten
Al de wûne
Finsters bang mei de wjukken slane.
 
Dan wurdt it stil. Ek de rein giet sêfter
Oer de stiennen’ donkerjende gloed.
Heel wei dûkt alle lûd
Yn de twigen’ glânzjende knoppen.
 
 
     XXIV Hjerstdei
 
Hear it is tiid. Grut wie it simmertij.
Lis no jins skaden oer de sinnewizers
En op de flakten lit de winen frij.
 
De lêste fruchten driuw har kostlikst yn;
Jou harren noch twa sudeliker dagen,
Twing ta folsleinens en lit drage
De lêste swietens yn de swiere wyn.
 
Dy’t no gjin hûs hat, bout it him net mear.
Dy’t no allinne is, sil it lang bliuwe,
Sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
En yn ’e loanen sil er hinne en wer
Unrêstich wanderje, as de blêden driuwe.
 
 
     XXV Ridder
 
Rydt in ridder yn it swarte stiel
Ut yn ’e rûzjende wrâld.
En bûten is alles: de dei en it dal,
De fijân, de freon en it miel yn ’e saal,
De maitiid, de faam en it wâld en de graal,
En God sels is mannich tûzenfâld
Oan alle wegen steld.
 
Mar yn ’e ridder syn pantser, binnen,
Efter de tsjusterste ringen,
Hokket de Dea en betinkt, betinkt:
Hoenear sil it swurd ris springe
Oer it izeren hek,
De frjemde, befrijende kling,
Dy’t my hellet út myn ferdek,
Dêr’t ik sa’n lange hoart
Myn dûkte dagen tebring, –
Dat ik my einling ris rek
En boartsje
En sjonge kin.
 
 
     XXVI De waansin
 
Hja moat jimmer tinke: ik bin… ik bin…
Wa bisto dan, Marij?
In keninginne, in keningin!
Op ’e knibbels, op ’e knibbels foar my!
 
Hja moat jimmer weine: ik wie… ik wie…
Wa wiesto dan, Marij?
In nimmensbern, sa earm en bleat
Dat ik it net foar my krij.
 
En waardsto fan sa’n bern in foarstinn’
Dêr’t men foar op’e knibbels sinkt?
Omdat alle dingen heel oars bestean
As men sa by it biddeljen tinkt.
 
Dan hawwe de dingen dy goed betocht,
En kinsto noch sizze hoe?
Yn ’e nacht, it kaam yn ’e nacht
En hiel oars sprieken hja doe.
 
Ik kaam op strjitte en sjuch oan:
Dy is as mei snaren bespand;
Doe waard Marij melodij, melodij …
En dûnse fan kant nei kant.
 
De minsken sloepen sa eangstich fuort.
En deun op de huzen ta, –
Want dat mei dochs mar in keninginn’,
Dat hja dûnset op strjitte: sa!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *