US JOHAN

US JOHAN

 
Ik woe wy wien’ noch lyts, Johan,
Hoe grut wie doe de wrâld!
Wy sieten op ’e stien, Johan,
Witst wol? by buormans saad.
De moanne sylde ’t loftrom lâns,
Wy seagen, wêr’t er rûn;
Wat wie de himmel, tocht ús, heech,
En hie de saad wol grûn?
 
Witst noch hoe stil it wie, Johan?
Gjin blêd trille oan ’e beam.
Sa is it no net mear, Johan,
Allinne yn ’e dream!
O nee, as doe de skeper song,
Dat klonk oer ’t fjild sa hear;
Net wier, Johan? Dat wie in lûd,
Sa hearde men ’t net mear.
 
Soms dwale yn ’e skimerjûn
Myn tinzen wat fan ’t paad;
Dan wurdt it my sa frjemd te moed
As doe by buormans saad.
Dan draai ik my sa hastich om,
As moast ien nêst my gean,
Mar alles, wat der is, Johan:
Ik, dy’t te skriemen stean.
 
Nei it Platdútsk fan Klaus Groth

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *