UNWIIS SJONGEN TUSKEN DE BERGEN

UNWIIS SJONGEN TUSKEN DE BERGEN

Der is gjin minske dy’t net syn eigen gebrek hat,
En myn gebrek is it meitsjen fan fersen.
Fan tûzen bannen fan it libben haw ik my frij makke,
Mar dy swakkens is my noch bybleaun.
Eltse kear dat ik in moai lânskip sjoch,
Eltse kear dat ik in leave freon moetsje
Ferhef ik myn stim en bring myn fersen út,
En ik bin sa bliid as hie ik in God op myn paad troffen.
 
Jimmer, nei de dei dat ik band wie nei Hsünyang
Haw ik de hele tiid tusken de bergen tahâlden.
En faak as ik in dichtstik beëindige hie
Klautere ik allinne de wei op nei de Easterske Rots.
Ik lynje tsjin de banken fan wite stien;
Ik skuor mei de hannen de griene lauriertakke del,
Myn ûnwiis sjongen ferbûket dellen en klingen;
De apen en de fûgels komme om nei my te gloerjen.
Om’t ik bang wie fan de wrâld belake te wurden
Hie ik in plak útsocht dêr gjin minsken komme.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *