UNIERDSK PETEAR

UNIERDSK PETEAR

     Alde dichter:
 
No binn’ wy fierder as dy stjerre, feint,
Dêrsto oan tochtst om ring, ferile,
Yn op te gean. Dyn hout en sân, myn klaai
Haww’ ús net hâlden; de eter yn
Gong ’t ljochte wêzen bûten elts bestek.
En no sok moeten. Tiid en romte wei;
’t Omfiemjend tinken hat ús tocht as ien,
Mar nòch as twa. Dêrmei bleau ’t skoujen oer
Yn âlde skyn en ierdske byltenis.
Ik haw dy sjoen yn mannich byld: in wûnder bern,
In tragysk mom, mar ek in Fryske feint,
My sa bekend as ien. Dat seach ik leafst:
Sa wie ’k dy nei; my spriek dyn wêzen ta.
 
     Jonge dichter:
 
Ik ken jo net. Ik wie in dichtersman;
In Fryske feint? Wol ja, myn heit wie Fries
En Frysk syn aard; ’t giet my net oan.
– Allinne, faaks ferbylde ’k ris sa’n doarp
Op snein, in sicht oer ’t waad. Mar oars
Myn lân wie nearne; ik socht te ierd’,
Te see; omdoch. No bin ’k in skym, en bin
Gjin lân mear brek. – Sa min as jo!
 
 
     Alde dichter:
 
As it besibbe neitiids komt ta ien –
Sa sei it in wize man – dan hearre wy
No ta ien ryk.
Hja neamden jo wol wyld en dimmen my,
Mar yn oprjochtens, dy’t syn wêzen sei,
Wien’ wy wol ien. Jo hiene net in lân,
Ik wie oan Fryslân bûn; mar dochs
Jo koene net ûntrinne einfolks bloed,
En lei ’t net iepen, dichter fielt it oan.
 
 
     Jonge dichter:
 
Jo prate goed, mar ’t lûd is my te sêft,
Ik hear de fleagen net troch ’t fluitsjend want,
It kroanjen net fan hout! – Dat greidestik
Is te benepen foar in earlik grêf!
Al is dan heit… Farwol!
 
 
     Alde dichter:
 
Farwol!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *