TWA SANGEN

TWA SANGEN

Wyldsang
 
Lit de boel mar waaie,
’t Wurdt bûten my wol maaie!
Ik moat út it near fandinne,
Myn libben sil noch begjinne!
Ik wol fan it lok myn part ek ha,
En in aardich dofke komt my noch ta!
 
Lit de boel mar waaie,
’t Wurdt bûten my wol maaie!
Ik laitsje wat om myn sibben,
In Klasjespul is it libben!
Lit draaie, lit draaie de rollebol!
De moedige fynt it lok noch wol!
 
 
Fromme sang
 
O, from syn libben te libjen
Sa as it gewisse seit;
It rjochte paad te finen
Troch wrâldske leidichheid!
 
Syn wurk te dwaan jimmer wer oan,
Binne krêften en sûnens ek faai!
Yn ’t fromme houlik seine
Mei froed en suver skaai.
 
Is strak dan it ierdske wrotten
En wille en lijen foarby,
De freonen en migen freegje:
Wêr wie in man as hy?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *