TWA NATUERWITTENSKIPLIKE GEDICHTEN

TWA NATUERWITTENSKIPLIKE GEDICHTEN

It ljocht
 
It ljocht komt heger!
Koarter wurdt it paad de loftskyl troch,
It ierd’beklaaisel; suv’rer, finer wurdt de stof.
De ierd’ leit foar ’e sinne breder iepen
Om waarmte yn it lichem op te nimmen,
En jout it ljocht, mei kleur bejeftigd,
Werom oan minsken’ long’rjend’ eagen.
Wat, libben, dea wie, brûst út d’ ierd’ omheech,
De winter oer yn sie of woartelstel besletten;
Wat driuwt op lichte wjok komt op ’en baan,
Wat draaft of krûpt op ierd’, wat boartet yn it wetter.
 
De minske is ’t in lange skimerjûn
De neare wintertiid, wêryn de sinnen tize:
’t Ljocht strykt de franjes wei, as ’t heger kliuwt,
De fleur komt en it wurk wol better, libbens stipe!
 
It ljocht it moaist op ierd’? It is it libben sels,
De krêft dy’t alles driuwt!
De heechste God komt neier; wat is grutter feest?
Noch hinget foarfaars sjongen yn ’e loften,
En laitsje moat de God as hy oan ’t djoeien tinkt;
Dat wie in feest, as bern allinne ’t fiere!
 
 
It wurk
 
Wat d’ ierde jout yn groei fan plant,
Dat moatt’ wy meane of wrotte út ’e grûn;
De ploech moat dreaun,
Om ’t sie te struien ta in goed gewas.
Wat d’ ierd’ yn har ynwindige besit,
Moat los, omheech, ferfierd;
De minske moat ferbrekke, oare foarmen jaan
En bringe nei it plak, wêr’t need it wachtet.
 
Deselde krêften binn’ it jimmer wer,
Wêr’t d’ ierd’ mei fêsthâldt al wat harres is,
Dy’t minsk’ oerwinne moat:
De krêft wêrmei yn eltse ding elkoar de dielen hâlde,
En ien, dy’t alles driuwt nei ierdryks middelpunt.
Mar minske’ keunst is ’t, dy’t troch ierde’ krêft
Wêr ierde’ krêft ferslacht.
 
Us wurdt fernijd dat ienkear minske sûnder wurk
Troch ’t libben dreau;
Doe kamen sûnde en flok en ’t bodzjen om ’t bestean.
Sa like ’t foarfaars ta, dy’t as de bern
Noch leare moasten it wurk.
Mei boartsjen moast it oangean, ’t deilang bodzjen wie
te stoef;
En sa as bern fan ’t eigenmakke moai
Net skiede kinne,
Sa moast ek foarfaars keunststik mei yn ’t grêf.
 
It wurk in flok? Dat is it minsken net,
Dy’t fan har dwaan in print hjir litte wolle,
In wurkstik, dat wer oaren ’t wurk ferlichtet,
Har ’t moed ferromje kin.
En as ’k by geasteswurk myn tinzen ’t paad lâns stjoer,
Net sa bewend,
Dan is myn hope, dat mei lichter gong,
Wa’t nei my komt, fynt heger oarden moai.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *