TWA FERSEN FAN T’AO CH’IEN

TWA FERSEN FAN T’AO CH’IEN (365427 N. Kr. )
  
     By it lêzen fan it boek fan heuvels en seeën
 
Yn ’e junymoanne waachst heech it gers,
En om myn húske weevje de tichtbeblêde beamtûken;
Der is gjin fûgel dy’t net hâldt fan it plak dêr’t er rêst
En ik haw ek myn reiddutsen húske leaf
     Ik haw it ploegjen dien,
     Ik haw it sie siedde,
No haw ik wer tiid om sitten te gean en in boek te lêzen.
Yn ’e smelle leane binn’ gjin djippe spoaren;
De rydtugen fan myn freonen keare faak mar werom,
Mei wille skink ik my yn fan myn maiwyn
En ploaitsje wat fan it slaad dat yn myn tún groeit.
In edel reintsje komt stil út it easten op,
En in sêfte wyn hâldt it selskip.
Myn tinzen driuwe loom oer de skiednis fan kening Chou,
Myn eagen dwale oer de printen fan Heuvels en Seeën;
Yn ien loaits sjoch ik it hele heelal oer.
– Nea sil hy lokkich wêze, wa’t sok in geniet gjin behagen jout.
 
 
     It jonge nôt
 
Rêd de jierren, net werom te roppen.
Plechtich de stilte fan dizze eale moarn.
Ik sil myn foarjiersklaad oantsjen
En wol nei it oprinnende fan de eastlike heuvel ta
By de berchstream toevet in mistwolken,
– Toevet in eagenblik en giet dan útinoar.
Der komt in wyn op oanwaaiend út it suden,
Dy’t fûl oer de fjilden mei it jonge nôt boarstelt.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *