TWA AMERIKAANSKE FERSEN

TWA AMERIKAANSKE FERSEN

Ien yn de âlde styl en ien ‘eksperimenteel’
 
     I
 
Wat lippen minen drukt ha – en wêr ’t wie
Bin ik fergetten, en wat earmen hawwe lein
Under myn holle oant de moarn. Mar rein
Bringt geasten mei dizz’ nacht; hja komm’ ta die
En tikje oan ’t glês en easkje antwurd op.
En yn myn hert is libben in stil sear
Om ûnbeneamde jonkheid, dy’t net mear
Te middernacht him kundicht mei in rop.
 
Sa yn ’e winter stiet de iens’me beam
En wit de fûgels net dy’t flechten ien foar ien,
Mar wit syn krún is stiller as alear.
Ik kin net sizze hokker leafden binn’ fergien
Ik wit allinne dat yn my de simmer song
In koarte tiid, en no sjongt er net mear.
 
Edna St. Vincent Millay
 
II
 
Wy binn’ ienpart ljochter as sels de sinne
Wy binn’ eltspart grutter
     as boeken
     wol miene.
Wy binn’ eltspartienpart grutter as leauwen
     (mei in spin
     sprong
     libben binne wy libben)
Wy binn’ wûnderlik ienkearien.
 
E. E. Cummings
 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *