TSJINJE

TSJINJE
 
De jongste fan de twa freonen sprekt:
 
Sterke, sjochsto hoe’t ik yn dyn wêzen
My belibje, en dyn paden gean?
Hoe’t ik as dyn skyldfeint nêst dy stean,
Sûnder spraak ’t behoevjen wit te lêzen?
 
Sjoch my oan: ik draach as sier dyn wapen,
En dyn slachtespreuke earje ik sa.
As dyn rieder sprek ik freonen ta,
Stranger as do sels hâld ’k each op frjemde knapen.
 
Ien kear, mei dyn earmen om my hinne,
     – Boartsjen wie it – loekst my tsjin dy oan,
Hast my neamd dyn bêste soan;
Och, ik bin dyn heit en dyn slavinne.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *