TROCH IT FOLK HINNE

TROCH IT FOLK HINNE
 
Ik rin troch de stêd as in ûnbekende,
Hja sizze net: sjoch dêr is de dichter fan it Fryske lân of soks
     eat;
En, dienen hja it al, ik soe dochs by har in ûnskuldich pielder
     bliuwe.
Ommers, jimm’ witte, it is mei it Frysk wat oars as mei in
     echte taal;
Sa kin ik my ûnbehindere yn it folk bejaan.
 
Mar sa ûnskuldich bin ik dochs net.
Ik sjoch myn folts goed oan en der is heel wat, dat foar myn
     eagen gjin stân hâlde kin;
En, al praat ik der sa net oer, ik haw dochs ek de groeden,
     dy’t spyt dêr yn dreaun hat.
Dan, tink net dat ik oars bin as de dichters fan in grutter taal;
As hja neame wat de dichter bewege kin, moat dat ek it
wêzen
     fan myn siele hjitte.
Sa giet ús reis net mei de blanke eagen en de kleare foarholle
     dêr it rêsten efter leit,
Mar ús binne wol de grûnen, en de tochten en de oergongen.
 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *