TREAST OP KLACHTE

TREAST OP KLACHTE

 
As woechsen wie ta foarse krêft
Wat jonkheids lea trochtrille –
As langst fan ’t jonge hert
Wie opbloeid ta in ryk en heech besit –
As wa my ’t wêzen joech: it folk,
Waans bloed en siele sa eigen my ferskynt,
My sterk en grut foar eagen stie . ..
Dan soe in machtich hert de wrâld oerstreame
Mei sang en liet:
In stream dy’t fan ’e bergen rint,
En oan syn iggen komme wûnders op!
 
En dochs, as ’k stoarje oer it Fryske lân:
De skuorren blinke en de greide rûkt,
De reidwâl rûst,
De wyn strykt oer my hinne;
Ik haw de earmen iepen . . .
Dan – lyts en earm – ’t rint my oer;
Wêrwei? En harkje sil,
Wa’t dûns’ yn ’t klaverlân,
Wa’t wraks’le mei de wyn op ’t hege hiem,
En wa’t yn skuorre en fjild it blide libben seach.
En yn ’e siele riist it ljocht-omstriele byld!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *