[THESE ARE THE SIGNS TO NATURE’S INNS –]

[THESE ARE THE SIGNS TO NATURE’S INNS –]

Dit wapen draacht it weardshûs fan Natoer:
In noegjen wrâldewiid.
Foar wa’t der earne hong’rich is
Nei har mystike spiis.
 
Dit is de sede fan har hûs:
Foar alle gasten frij.
En like wiid de doarren op
Foar bidler of foar bij.
 
As teken fan ’t betroud bestean,
It rynsk beskinken dêr,
It poarper is yn ’t easten set
En yn it noard de stjêr.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *