THESE ARE THE DAYS

THESE ARE THE DAYS

Dizz’ dagen komm’ er fûgels wer
– In stiktwa mar, net mear –
Nei ’t âlde plak werom.
 
Dizz’ dagen nimm’ de loften oan
Fan juny ’t oerâld skynfertoan,
In blauengouden mom.
 
Bedroch! Gjin bijen flean’ der yn,
Mar ik, meinommen fan de skyn,
Soe hast it leauwe ha;
 
Oant risten sie jouw’ tsjûgenis
En in blêd, wat skruten en ûnwis,
Wjokk’t sêft nei d’ ierde ta.
 
O simmerdagen’ sakramint,
O lêst ferrin as nachttiid wint,
Stean ta in bern om op te gean;
 
Te hawwen oan it hill’ge diel
Te sitten oan it wijde miel,
Dyn wyn as sill’gjend bloed ferstean!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *