TEBINNENBRINGEN FAN IN ALD SKOALMASTER

TEBINNENBRINGEN FAN IN ALD SKOALMASTER

Ik fûn it skrift boppe yn de kas efter de boeken.
E. Wiersema stie derop; it wie in proefwurkskrift fan Eije,
Mei algebra en meetkundesommen út de twadde klasse;
Fansels goede sommen, it wie in knappe jonge;
‘Menheer, het is een wonderkind,’ sei in kear dy wize Annie
     op de foarste bank.
 
Mar foar de learaar wie der ek wat oars by;
Earst dy strieljende laits doe’t ik by him eris yn deselde
     winkel kaam;
En letter dy lilkens op syn gesicht doe’t in oare jonge yn
     de klasse wat ferfelend wie.
Mar ik koe dy him iepenbierjende jonge freonskip net goed
     genôch beanderje.
Sa stoar der wat ôf, en swietwei waard de ferhâlding mear in
     gewoane.
De jonge die op tiid syn eindeksamen en hat doe studearre yn
     de wis en natuerkunde.
Mar hy is jong stoarn.
 
Mar no noch wat oer dat ‘Fryske hert’ fan dy Eije, wêroer yn
     earder dicht sprutsen waard.
Dat ‘Frysk’ sil wol foaral gefoelich betsjutte, al is it dat net
     allinne;
Ik hâld de Friezen oer it gemien foar wat gefoeliger as de
     Grinslâners.
(Dat bekende ‘hurde Friezen’ soe dus wol ris in ferkearde
     oantsjutting wêze kinne).
Wat dy Grinslâners oangiet, ik haw dochs heel wol by dy
     Grinzer (en Drintse) jonges myn freonen hân.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *