TE WUNS

Hjir libbe hy, ‘oan tsjerkhôfsigg’’,
In master fan ús taal as hast gjin ien.
Wa joech ús sljochte boersk dy krêft?
Wa wist dat heit’lâns taal dàt koe?

Wa brocht as Salverda de sangen oer
Fan ’t âlde folk, Gods eigen bern,
Sa from, sa fêst? Wa song
Fan Fries en Fryske taal as hy?

Hjir libbe hy, om fan ’e Wûnzer bern
Te meitsjen fromme Friezen, ta Gods ear;
– Al mocht dan lêze en skriuwe ek gjin kwea –
Hjir stoar hy, earme swalker yn ’e wrâld.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *