TE OOSTUM

TE OOSTUM

 
’t Reapanne tsjerkje leit op hege terp;
Fan swiere klippen skoarre, d’ âlde toer
Hâldt noch omheech de stompe Fryske kop;
Ik, nêst him, sjoch de wide fjilden oer.
 
O Grinzerlân, do Fryske gea, hoe leist
Yn swiidste simmerpracht! De stânen weve sa;
De sinne blinkt; hoe rûkt it hea!
De weiden ride op ’e iepen skuorre ta.
 
Djip ûnder my, yn ’t lege lân,
It haaiersfolk skrept yn ’e sinnegloed
Mei lûd petear… Fersteurd de blide dream!
O Fryske mannen, hoe dat frjemde lûd?
 
O droevich stik! Ferlern de Fryske grûn
Oan ’t Saske Grins! Wat d’ âlde sprake wie
Ta grienmank keard! Foar jimmer skaat
Wat iens elkoar sa nei bestie!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *