TE HARNS

TE HARNS

 
Goethe die in reis nei Italië en Rilke nei Ruslân,
En as in oar minske kamen hja werom.
Ik haw op myn âlde dei nei Harns ta west;
In oar minske koe ik net wurde, mar ik haw stien op it
     heechste fan ’e bolwurkstún –
In jonge matroas siet op in bank en twa âlde kapteins kuieren it
     paadsje lâns.
Djip seach ik del op ’e skippen yn ’e stêdsgrêft en de beammen
     fan ’e bûtensingel;
Ik rûkte de tarlucht en wol eat fan ’e see – en alheel deselde
     bin ik net bleaun.
Ik haw de Noarderhaven sjoen en it Noardies; hoe rom wie it
     – en hoe âld!
De platanen fan ’e Foarstrjitte wienen wat beknobbe, mar goed
     liken gelokkich de nije.
 
Dit wie de earste stêd, dy’t ik jong kennen haw;
Hjir kamen wy troch as wy mei Ypke nei Easterbierrum rieden,
En by Beitschat moasten wy oan.
De reade liuwen parearje noch by de brêge, mar Tsjerk Hiddes
     stiet as nije stiennen man oan ’e havenkant.
Tsjerk Hiddes, Tromp, de Ruyter!
En wêrom hawwe hja de sifers 16 hûndert set op al dy moaie
     pakhuzen?
De haven leit ljocht en iepen mar op it havenplein hingje de
     swarte manlju om.
As wy omkeare hearre wy de Ato oer de strjitten razen.
Hollân! de see! de see!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *