TACHTICH

TACHTICH

Ik kin net –lyk as Joast Halbertsma yn syn tachtichste jier –
     in grutte rûnte mei myn geast fermeitsje;
Ik haw dêr gjin stim mear foar en ik haw ek nea dy syn geast
     en libbenskrêft hân.
Nea haw ik ek in dimterkoeke, as presintsje, by in baron ta de
     doar yn smiten;
Ik mei allinne ris yn myn jonge tiid op syn slotgrêft riden hawwe,
En oer it muorke hinne hawwe de tunen har foar my iependien.
 
Ik soe net, as Jan Walings, in hut op ’e boat besprekke doare
     om in reis nei Egypte en Palestina te meitsjen;
(Om de reboelje útsteld, mar takomme jier is der wer in jier.)
Ik haw net iens mear, sa as oare lju, in reedsje oer iis nei Grou
     ta meitsje kinnen,
En de lepen soenen my útlaitsje as ik it leechlân ynkaam om nei
     har aaien te siikjen.
 
Mar ik kin noch wol it âlde skrift lêze, wêr’t ús âlden yn
     beskreaun hawwe wat hja ús wol witte litte woenen,
– Yn in âld hûs hjir yn ’e stêd wurdt it foar my bewarre. –
En noch altiid kin ik, as ik pompier haw, alles opskriuwe
     wat my troch de holle giet;
Ja, ik kin noch, as de bern, in ferske meitsje foar de grutte
     minsken om op te sizzen as hja har libbensspul boartsje.
 
Nee, ik bin net botte earnstich; mar wat in licht âld mantsje.
Mar in earnstich âld man, dat is ommers as in profeet;
Hy sil net fan him sels sjonge, mar hy neamt de earmhertigens
     fan syn folk,
En in finger riist grut omheech; oant faaks ien fan syn folk
     him treft en delslacht.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *