’t WIE SNEIN

’t Wie snein, o hoe skynde de sinne!
Hoe gûnzen de miggen, hoe lake it fjild,
Sa kin de simmer begjinne!
O maitiid, do leaflike, moaie,
Hoe bringste, do tsjoenster ús sinnen wei,
Hoe litt’ wy ús fan dy troaie!

’t Wie snein, o hoe skynde de sinne!
Hoe protte de klaver de pôle út,
Sa kin de simmer begjinne!
O golle, myn aljaande ierde!
Hoe strielet dyn antlit, hoe slacht dy it hert,
As soe it fan leafde ferbliede!

’t Wie snein, o hoe skynde de sinne!
De greide soe trouwe en de loft wie sa grutsk,
Sa kin de simmer begjinne!
Dyn simmer, dyn simmer, myn siele!
O sjoch dochs, o hark, o nim no dyn swiet,
Fan it ivige lok silste fiele!

’t Wie snein, o hoe skynde de sinne!
Hoe dûnse myn Fryslân yn jonge pronk,
Sa kin de simmer begjinne!
No iepen, no iepen, yn blomme!
Jou minske dy del oan it ierdehert
En lit it oer dy komme!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *