’T HAT WEST, IT IS

’T HAT WEST, IT IS
 
’t Hat west, it is; it stiet beskreaun
En heart ta wrâlds bestean,
’t Is by it grutte barren komd
En kin net mear fergean.
 
Wy drage it mei yn ús ûnthâld
In libben barrens stik,
Mar fêster wierheid hat it wûn
Yn ivichheids beskik.
 
O freonen dy’t myn jonkheid hie,
O mienskip my sa nei !
Fergûn, ferstoarn? Mar heger geast
Hat it yn ljochte dei.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *