‘STROFEN UIT DE NALATENSCHAP VAN

‘STROFEN UIT DE NALATENSCHAP VAN
ANDRIES DE HOGHE’
 
Fersen fan P. C. Boutens
 
Dit heart wis wol ta it skienste fan de Hollânske dichtkeunst.
En dochs mocht it net opnomd wurde yn de samle gedichten
     fan Boutens;
Dochs moast der in dichtersnamme foar betocht wurde – mei
     in teltsje der by.
Waard der dan in skande yn dy strofen iepenbier makke?
 
‘Een kind, een knaap die voor uw oogen viel’ ;
Mar it wie gjin fallen yn modder en weaze.
It gong oer in leafde sûnder wettich hûs,
Oer de beminnensdrang fan in ‘leafdeleaze’.
 
Oer de dichter sels wurdt hjir mei hoedene wurden sprutsen;
Mar der is in strofe wijd oan Jonathan en David; Jonathan
     jout oan de leafste it leafste en lêste wei.
Der is ek in strofe wêryn Buonaroti, de skilder yn Rome neamd
     wurdt,
Dy’t besiket, mei it byld fan Luigi Pulci foar eagen, it Godlik
     antlit neier te kommen.
 
Mar it heechste kliuwt de dichter as er de oantrekkingskrêft
     fan de himmellichems as in leafde sjocht:
Twa sinnen sûnder skaai dy’t om elkoars skiente hinne har
     sweevjende omtocht gean;
Fan de ierde út sjoen is it ien inkele stjerre.
 
Nee, sokken dichter hoecht net in ‘haastig en verloren graf’,
     sa as it hjit yn de lêste strofe.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *