STRJITLIET

STRJITLIET

 
As jûns in jonge, op hûs oan,
Syn trouwe strjitliet de loft yn smyt,
Dat it skille lûd mei halen
Heech oer de lytse huzen giet….
 
     – O de frijheid, dy’t yn dy stimme klinkt,
As de losse bruier yn ’t hege rom,
De frije wyn, as de wylde see,
As de weagen, om de kop it skom! –
 
Hoe lústerje ik sa fier as it kin;
Dan komt de jeugd yn myn âlde hert,
De krêft en de wille; o ’t sedich bestean
Ferdreau alle frjemde langsten net!
 
Hoe sprekt yn dy jonge, wit er it sels?
Fan it folts de âlde frijheidssin,
De leafde foar de wide romt’,
It swalkjen wêr sinne en stjerren binn’!
 
Want minske’ langst kin alles oer;
En tsjoarje him krêften te fêst oan ’e grûn,
Hy makket him frij yn dream en liet
En giet de wrâlden rûn.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *