SNEINS

SNEINS

 
Deis mei de bakfyts by de mingers lâns,
Of nei it frachtweinpark fan ’e Aldehou,
Dêr hastich oerskikt wat it doarp begeart,
En wer nei ’t pakhús ta foar nij gesjou.
 
Mar no, de filten hoed fêst op ’e gnappe kop,
In fiskgraat jas, de hân yn ’t foerde lear.
No is ’t wat oars as deis op ’t flintepaad;
Sa rinn’ op ’e Nijstêd net sa folle mear!
 
Oan ’t ein, sa’t liket, effen sill’ hja stean,
De kammeraten mei; mar of ’t sa sprekt,
Dêr komt presiis ek tripkjend ’t famke oan,
It huodsje kwier, sa krudich en sa krekt.
 
En sûnder wurd stekt hja troch sines d’ earm;
Dan fuort as mei in doel: Castelein of sa?
Nee feint, it hat gjin noed, do hoechst noch net
Op better út, nei earne in heilsteat ta.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *