SLOTSANG

SLOTSANG

 
Dizz’ sangen bringe it lok fan blide dagen,
– De tsjust’re hawwe sangen net –
Hja jouwe wer de bylden, dy’t my hagen,
It stil bewegen fan myn hert.
 
Ik haw se neamd nei Fryske lân en libben,
Mar ’t lân is lyts: myn eigen plakje grûn;
En ’t is ’t bestean fan my en fan myn sibben,
Sa as in blier tebinnenbringen ’t fûn.
 
Mar ’t Fryske hert dat slacht syn selde mjitte,
En yn my klinkt, wat ek yn oaren klonk;
Sa wist ik wizen, dy’t hja net ferjitte,
En stille dreamen fan har âlde honk.
 
En ’t wie my mear as boartsjen yn in liddig’ oere,
     – Mei ’t ôfgean fan dy oeren wei; –
It heart ta libbens wurk, it trouwe, djoere,
O, dat er wat fan bliuwe mei!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *