SKIENTE

SKIENTE

 
Fan dichters skiente! Dat is har bedriuw.
Hja hawwe dochs har tún mei kostlik blomt’;
As bou en greidelân ferwoeste leit,
Hjir is de hoerde dêr’t gjin steuring komt.
 
It libben hat ús yn ’e earmoed brocht,
Litt’ wy no gean yn dat beblomme park!
De muorren binne wol sa rynsk begroeid,
En yn ’e fiver blinkt de ljochte bark.
 
– O tsjoed ferstean! Is d’ âlde ierde slein,
De tún ferliest syn libben en syn ang.
De farven hawwe net har blide glâns,
De wizen hâlde net har swing en klang.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *