SINNESKYN

Oktober, ’t lêst; in dei mei kleare loft;
De sinne makket ús de keamer blier;
Troch ’t suderfinster falt it waarme ljocht
No ûnbehind’re, en blinkt op muorre en flier.

Wat seit my net dat ljochte sinneplak!
Fan moaie winterdagen sprekt it my,
Fan blinkend iis en blide winternocht;
It fjild leit iepen, ’t hert is rom en frij!

It sprekt fan maitiids fleurich bûnt bedriuw,
De kij, it bûthús sêd, komm’ yn it lân.
No is ’t de moaie berneboarterstiid,
Hja springe as lammen, wyld en út ’e bân.

It sprekt fan simmers yn in boerehôf;
De miggen gûnzje, simmers eigenst lûd.
Hoe noflik is ’t no yn it beammeskaad
En wille jimmeroan jouw’ blom en krûd.

Sa foel it sinn’ljocht sneins yn tsjerke op,
Wêr ’t âld ferblikt gerdyn wat romte liet,
En brocht de fleur by wol wat swiere preek
Oan wa’t, heel net der by, te mim’rjen siet.

Sa foel it ljocht op ’t âlde kammenet,
Hoe blonk it moai yn al syn hear en fear!
En sa beskynde ’t al it âlde guod,
Dat ’k foar my stean sjoch, libben as alear!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *